It regelemint


  1. Der wurdt sylt mei polywikels mei in standaard túch (gewoane fok en grutseil).
  2. De bemanning moat bestean út minimaal 2 en maksimaal 6 persoanen dy't allegear minimaal 18 jier binne.
  3. Der meie nei de start gjin nije bemanningsleden opstappe.
  4. It is allinnich tastien om de boat te ferlitten omwille fan it foartbeweegjen fan de boat.
  5. It brûken fan in motor as de help fan tredden is net tastien.
  6. Der mei boomt, peddele en jage wurde. It is ek tastien om in ekstra peddel en as kloet mei te nimmen.
  7. Tidens de tocht wurde de dielnimmers achte har te hâlden oan de standaard sylregleminten fan de KNWV. Ek it Binnenfeart Plysjereglemint moat neilibbe wurde.
  8. De rûte giet fan Heech nei Sleat, Starum, Hylpen, Warkum, Boalsert, Harns, Frjentsjer, Dokkum, Ljouwert, Snits, Drylts en eindiget wer yn Heech (as oarsom). Wêr mooglik sille wy de offysjele reedridersrûte fare.
  9. Meidwaan is foar eigen risiko. Ek alle foarmen fan skea binne foar eigen risiko.
  10. It Hollânske regelemint is in oersetting fan it Fryske regelemint. Mochten der by it oersetten ûndúdlikheden wêze dan is it Fryske reglemint liedend.
  11. De organisaasje kin yn alle gefallen ôfwike fan boppesteande regeleminten wannear't hja dat nedich achtsje.


Warkumer ierdewurk Voor iedereen die van de Friese natuur houdt In hardstikkene goed doel Steun KiKa in de strijd tegen kinderkanker Stichting Ramon scoort tegen kanker Recreatieschap Marrekrite